Fertochte oppakt foar sjitterij Bilgaardpassaazje Ljouwert

18 jul 2015 - 11:52

In 28-jierrige Ljouwerter is freed oppakt foar it sjitynsidint oan de Bilgaardpassaazje yn Ljouwert. Twa wiken lyn waard by it winkelsintrum in 16-jierrige jonge delsketten. Hy rekke lichtferwûne.

It slachtoffer en de dieder fan it sjitynsidint soenen earder op 'e dei al spul hân hawwe. De fertochte sit fêst en wurdt noch heard. Oer de direkte oanlieding fan de sjitterij kin de plysje noch neat sizze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)