Ljochtplan foar nije bedriuwen yn gemeente Ljouwert

18 jul 2015 - 11:45

Ljouwert wol dat it nachts tsjuster is yn it bûtengebiet en komt mei nije regels: Bedriuwen dy't nijbouwe of ferbouwe wolle yn it bûtengebiet moatte aanst ek in ljochtplan oerlangje. Oars krije se gjin fergunning.

Besteande situaasjes kinne net oanpakt wurde. Dy falle ûnder it konvenant dat LTO Fryslân en Grinslân sletten hawwe mei natoerorganisaasjes. Besocht wurdt om dizze boeren safier te krijen dat se nachts it ljocht yn de stâl útdogge, mar dan wol op basis fan frijwilligheid.

De ljochtproblemen wurde benammen feroarsake troch bedriuwen dy't oan de râne fan de stêd en de doarpen steane.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)