Grut beachfollybaltoernoai op it strân op De Lemmer

18 jul 2015 - 11:06

Op it strân fan De Lemmer dogge dit wykein sa'n 250 amateurteams mei oan it Beach Volleyball Circuit, in inisjatyf fan organisaasjeburo Alles Zand en it Nederlânsk Follybalbûn, Nevobo. It tal teams dat him opjûn hat leit heger as foarich jier. De organisaasje tinkt dat de grutte belangstelling foar it koartlyn hâlden WK beachfollybal yn ús lân in grutte rol spile hat.

Foar de organisaasje is de ynrjochting fan de follybalfjilden op it Lemster strân noch net echt ienfâldich. Dat komt troch it baaifoarmige strân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)