Cambuur wint mei 2-1 fan Volendam

17 jul 2015 - 22:25

SC Cambuur hat freedtejûn yn Menaam de oefenwedstriid tsjin Volendam mei 2-1 wûn. Benammen yn it earste oere spile Cambuur goed. De Ljouwerter goals foelen yn de earste helte, flak achterelkoar. Yn de 19e minút waard Sander van der Streek yn de 16 meter ûnderút helle. Dominik Masek benutte de penalty. Twa minuten letter sette Sander van der Streek de 2-0 op it boerd. De middenfjilder kopte út in corner fan Rosheuvel moai yn en liet keeper Verhulst kânsleas. Nei in oere wiksele Cambuur alle fjildspilers. Volendam kaam doe werom oant 2-1.

Trefwurden: 
fuotbal Ljouwert SC Cambuur
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)