Mear bûtenlânske toeristen nei Ljouwert

17 jul 2015 - 15:39

De gemeente Ljouwert wol mear tourorganisaasjes ynteressearje foar Fryslân en Ljouwert. De ôfrûne twa jier hat de gemeente dêr oardel miljoen euro yn ynvestearre. Freed hat dat wat opsmiten. De Belgyske tourorganisaasje Begonia Tours hat foar it earst yn Fryslân west. De reis begûn freedtemoarn foar 17 senioaren yn Brussel en duorret fiif dagen.

Op de aginda stie in besite oan Sleat, it ielrikjen yn Wiuwert, preamfarre yn Ljouwert, in besite oan Pieterburen en in besite oan it Woudagemaal op 'e Lemmer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)