Olivier van de Voort twad op WK paralympysk swimmen

17 jul 2015 - 14:04

De 17-jierrige Olivier van de Voort út Elslo is tongersdei op it WK paralympysk swimmen yn Glasgow twad wurden op de 100 meter rêchslach. Hy hat him dermei pleatst foar de Paralympyske Spelen 2016 yn Brazilië. De Braziliaan André Brasil waard earste.

Earder dizze wike waard Van de Voort fjirde op de 200 meter wikselslach. Mei in tiid fan 2.15.25 ferbettere hy sawol it Nederlânsk- as syn persoanlik rekôr.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)