Skeel tusken ANBO-noard en it lanlik bestjoer

17 jul 2015 - 12:30

Der is in skeel tusken ANBO ôfdieling noard en it lanlik bestjoer. De bestjoeren fan de 90 noardlike ôfdielings fan de senioareorganisaasje binne tydlik bûtenspul setten. Sa binne bankrekkens blokkeard en kin der gjin gebrûk mear makke wurde fan it personielsbestân.

De noardlike ôfdielings binne al langer ûntevreden oer it beleid fan it haadbestjoer. Se kinne har net fine yn de profesjonalisaasje fan de feriening.

Prate hat net holpen en doe 't der dizze wike yn Drinte in gearkomste wie fan tsjinstanners, wie de maat fol foar it haadbestjoer. Mar de blokkade is in tydlike saak, want foar de leden en de bestjoeren fan de ôfdielings feroaret der fierder neat, seit Reneé de Vries fan ANBO. Fan in royemint is gjin sprake.

Trefwurden: 
ANBO senioaren royemint
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)