Crowdfundingsaksje foar de Slotleane yn Bakkefean

17 jul 2015 - 11:51

Buertbewenners fan it bûten De Slotpleats yn Bakkefean wolle mei-inoar de Slotleane keapje en dan opknappe. Dêrfoar is in crowdfundingsaksje opsetten. It doel is 10.000 euro op te heljen. Mei 5000 euro derby fan Natuurmonuminten moat dat genôch wêze om de leane yn syn âlde gloarje te werstellen.

De Slotpleats út de 19e ieu is fan grutte kultuerhistoaryske wearde. Yn de bosk deromhinne stean boekebeammen fan hûnderten jierren âld.

Der hawwe oait fjouwer leanen west dy't nei de Slotpleats giene, mar dêr is der noch mar ien fan oer. Ek foar de natoer soe in opknapte Slotleane fan grutte betsjutting wêze, sizze de aksjefierders.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)