Freed mear dúdlikheid oer ûngelok útkyktoer De Jouwer

17 jul 2015 - 10:48

Freedtemiddei moat neffens de gemeente De Fryske Marren mear dúdlik wurde oer de oarsaak fan it ûngelok yn de útkyktoer by De Jouwer. Tongersdei sakke in famke troch in flier fan de toer hinne. Se rekke dêrby ferwûne en is nei it sikehûs brocht. Sawol de plysje as de gemeente dogge ûndersyk nei it foarfal. Yn de rin fan de dei besprekke beide partijen de útkomsten mei-inoar.

Sa lang net dúdlik is wat de oarsaak is fan it foarfal, is de toer net tagonklik foar publyk. Op dit stuit is de útkyktoer ôfsletten mei dranghekken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)