Ljouwerter Welmoed Sijtsma nije presintatrise Jeugdjournaal

17 jul 2015 - 10:37

De 24-jierrige Welmoed Sijtsma fan Ljouwert wurdt de nije presintatrise fan it Jeugdjournaal. Se folget Milouska Meulens op, dy't nei it radio- en televyzjeprogramma Vroege Vogels giet. Sijtsma studearre sjoernalistyk oan de Ryksuniversiteit Grins. Se wurket no as freelance ferslachjouwer foar it Jeugdjournaal en Omrop Fryslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)