Kollum: "It is simmer yn it heitelân"

17 jul 2015 - 10:17

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Op freed is de radiokollum fan Ferdinand de Jong. Hy wennet yn Boarnburgum en is skriuwer. Hy publisearre oant no ta fjouwer romans: Guozzeflecht (2010), It dak fan de wrâld (2011), De lêste trúk (2012) en Bedoarne hannel (2014). Dêrneist skriuwt De Jong kollums foar it Frysk literêr tydskrift Ensafh en foar de webside fan sc Hearrenfean.

"De typysk Fryske simmersporten meitsje oant no ta in wat anonym seizoen troch. Dat is ek gjin wûnder, want it woe mar net echt simmer wurde. De ljeppers dienen allinnich mar haren bêst om net wiet te springen en dus yn it wetter te reitsjen, want mei dy temperatueren is dat net aardich en rinne jo daliks kâns in fikse brongitis op te rinnen.

Itselde kinne je sizze fan de keatsers, dy't mei blauwe hannen fan de kjeld it júste gefoel net yn de opslach lizze kinne. Ynstee fan ien liket it my dat se dan graach twa wanten oan ha woenen as it sa as dit jier begjin juny noch altyd kâld as roet is.

En wat te tinken fan it skûtsjesilen. Je sille mei it iis hast op de lûken in swurd stekke moatte yn in gangboard dêr't it wetter je oangriist, sa kâld.

Mar tsjin de ein fan juny wie der samar in Nederlânsk fierljep rekord by de froulju, fan Marrit van der Wal, foar it earst oer de 17 meter. It begjin wie der dus. Se is it yntiids trouwens al wer kwyt.

Yn july waarme Fryslân fierder op, krekt genôch om as in ultra luie kat yn de finsterbank miauwend fan noflikens stean te gean, efkes út te rekken en om te draaien, sadat de oare kant ek troch de sinne ferwaarme wurde kin. Der wie sels in hittegolf, mei byhearrende fikse tongerbuien en in lokale falwyn dy't de nedige skea oanbrocht. Net folle nijs ûnder de sinne, krekt as hast alle simmers. Je ha iepen dagen by de betelle fuotbalklups, dy't rûnom yn de provinsje harren oefenpotsjes ôfwurkje.
De Dútse kentekens nimme rap yn oantal ta, wylst de Friezen dy't net anneks binne mei de simmersporten en miene dat it gers by de buorlju altyd griener is, harren lok earne oars sykje en in wike as wat fan de radar binne.

Njonken dat rekord by it fierljeppen kamen de skûtsjes wer op de foto yn de kranten en op ynternet. De foarwedstriden op in stille Lemsterbaai dy't fansels wer troch Snits wûn waard. Moarn giet it sirkus fan trije wiken silerij los.
En by it keatsen gie it praat ynienen wer oer it skouder fan Teake Triemstra. Je meie wol sizze dat de Fryske simmer begûn is. De partytinten by de hotspots fan de provinsjale sportive kultuerdragers kinne mar fêst wer opboud wurde. Of wol, waarmte makket toarstich.

It is dy tiid fan it jier dat der op KRO TV wer in detektive moanne begjint, foar de leafhawwers in goed alternatyf tsjin dy oare flauwe simmerprogramearring mei al dy werhellings dy't je al ris earder werhelle sjoen ha.

En hjir yn Fryslân? Tsja. Hjir begjinne wy hjir om komkommernijs te sykjen. Miskien omdat der net folle oars te melden is, of omdat it gewoan by de Fryske simmer heart. Hjir meitsje we der in grut nijsitem fan as ús Doutzen yn Amsterdam yn it Frysk praat. Krekt of soe dat in noviteit wêze. Doutzen komt gewoan út Eastermar en praat Frysk. Klear.

Yn de syktocht nei komkommernijs soe in lokaal skandaal in wolkomme ûnderbrekking fan dy sleur wêze kinne.
Want wat soe it dochs yn de goedichheid wat wêze as it dochs bliken docht die dat dy flugge Sneker Pan stikem in ekstra oandriuwing hat? In miniskúl skroefke, te betsjinjen mei in app? In skroefke, dat oandreaun wurdt troch enerzjy dat opwekt wurdt troch in revolúsjonêr ploaiber sinnepaniel dat ûnsichtber ferwurke is yn it grutseil? Sjoch, dat soe de Fryske wrâld yn de simmertiid op syn kop sette. Of dat Bart Helmholt al dy fierljep rekords sprongen hat mei in top op de pols dêr't in tige geheimsinnich fearmeganisme yn blykt te sitten dat by de útsprong krekt dy 20 sintimeter mear spronglingte opsmyt? Dat soe pas nijs wêze. In bytsje reuring yn dizze lome tiid.
En by it keatsen? Eh, immen dy't it witte kin, sei dat ik dêr gjin doel oer ha. No ja, toe dan mar, je kinne net alles witte.

Wat is 't oars moai waar, net?

Folgje Ferdinand de Jong op Twitter. Moarn wer in nije kollum yn Fryslân fan 'e moarn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)