Drachtsterbrêge lange tiid net iepen foar skipfeart

16 jul 2015 - 19:36

De Drachtsterbrêge yn Ljouwert sil fan 15 septimber ôf sân moanne lang net mear iepengean. Dat betsjut dat skippen dy't heger binne as 5.20 meter der net del kinne. Yn dat goed healjier wurdt yn it kanaal wurke oan it nije akwadukt dat de Drachtsterbrêge ferfange sil. Skippen heger as 5.20 meter sille dan omfarre moatte oer it Prinses Margrietkanaal.

Trefwurden: 
Ljouwert Drachtsterbrêge
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)