Fryske gymnastyklessen binne ferbettere

16 jul 2015 - 19:02
  • Harkje nei Marije Plantinga, konsulint by Sport Fryslân

De gymnastyklessen op Fryske basisskoallen binne der de lêste jierren in stik better op wurden. Yn 2011 krige mar sân prosint fan de bern les fan in faklearkrêft, no is dat de helte.

It Fryske projekt Sport op Basisskoallen hat foar dy ferbettering soarge. It projekt wurdt betelle troch soarchfersekerder De Friesland, gemeenten, it ûnderwiis en it ministearje. Sport Fryslân is belutsen by de útfiering.

Hast alle Fryske gemeenten hawwe no in faklearkrêft dy't gewoane learkreften coacht en helpt by sportdagen. Der is foar dit Fryske projekt ynteresse yn Grinslân en Limboarch.

Trefwurden: 
basisskoallen Gymnastykles
(advertinsje)