Boetes foar asbest yn eardere diskoteek yn Ljouwert

16 jul 2015 - 12:42

De Ljouwerter boubedriuwen Acro Bouw BV en Jasper Technisch Installatiebedrijf hawwe in boete krigen fan goed 30-tûzen euro fan de ynspeksje. De bedriuwen hawwe op in ferkearde wize asbest fuorthelle by in eardere diskoteek yn Ljouwert. Dat siet yn de flier en dêr is yn seage. Dêrtroch binne de meiwurkers bleatsteld oan de asbest.

It wurk is yn oktober ferline jier útfierd. Der wie wol in rapport makke dêr't yn stie dat yn it gebou asbest sie. Dat hawwe de boubedriuwen net krige en dêrom hat de eigener fan it gebou ek in boete krige.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)