Parkearkaartsje fergetten fanwege trage print

16 jul 2015 - 11:29

Yn Frjentsjer ferjitte guon parkearders in kaartsje út de parkearautomaat te pakken. De gemeente Frjentsjerteradiel hat goed twa moanne lyn de automaten ferfongen. Der kin no allinnich noch mei de telefoan of de pinpas betelle wurde.

By de automaten binne oant no ta goed 15.000 betellings dien. Mar guon minsken ferjitte it kaartsje neidat se betelle hawwe. It duorret neffens de gemeente fyftjin tellen neidat de betelling dien is foardat it ticket printe is. Minsken wachtsje dêr net op en dêrmei riskearje se in parkearboete.

Trefwurden: 
Frjentsjer parkeare
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)