Anni Friesinger iepenet bernewinkel yn Snits

16 jul 2015 - 08:26

Ald-reedrydster Anni Friesinger iepenet tongersdeitemoarn har eigen winkel yn Snits. De saak hat de namme Small Heroes krigen en rjochtet him op bern. It is de twadde winkel foar Anni Friesinger. In pear moannen lyn hat se ek in saak yn Salzsburg yn Eastenryk iepene.

Yn de winkel wurde meubels, sportartikels, klean en aksessoires foar bern ferkocht út benammen Skandinavyske lannen. Anni Friesinger hat alles sels útsocht en ynkocht.

Trefwurden: 
Snits winkel Anni Friesinger
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)