Strânwacht fynt skipswrak op strân It Amelân

15 jul 2015 - 16:38

In strânwacht fan de KNRM hat woansdeitemiddei in skipswrak fûn op it strân fan It Amelân. It is noch net bekend hoe âld oft it wrak is, mar tocht wurdt dat de resten fan it skip der al hiel wat jierren lizze.

"De kylbalken binne ferbûn mei houten pennen. Dat diene se yn de âldheid noch", sa seit boargemaster Albert de Hoop fan It Amelân. It skipswrak is tichtby Ballum fûn. De gemeente wachtet no op de útslach fan ûndersyk fan it Cultuur en Historisch Museum Sorgdrager.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)