Olivier vd Voort hellet 4e plak op WK paralympysk swimmen

15 jul 2015 - 15:51

De 17-jierrige Olivier van de Voort út Elslo is woansdei op it WK paralympysk swimmen yn Glasgow fjirde wurden op de 200 meter wikselslach. Mei in tiid fan 2.15.25 ferbettere hy sawol it Nederlânsk- as syn persoanlik rekôr.

Tongersdei en freed besiket Van de Voort op de 100 meter rêchslach en de 100 en 400 meter frije slach medaljes te heljen. Slagget dat, dan pleatst er him ek foar de Paralympyske Spelen yn Rio de Janeiro yn 2016.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)