Alde treinwagon arrivearret op eardere stasjon fan Marrum

15 jul 2015 - 14:08

By it eardere treinstasjon fan Marrum is woansdeitemoarn de earste fan njoggen âlde treinwagons pleatst. It giet om in stoomlokomotyf mei wagons fan 100 jier âld. Se binne oernaam fan in museum yn Keulen en binne fan itselde type dat ea op it Dokkumer Lokaaltsje ried.

It ôfrûne jier binne de wagons restaurearre. Yn de treinstellen komt in pankoekrestaurant.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)