Goed 2000 euro ophelle mei tocht by de alve stêden del

15 jul 2015 - 13:01

Joke Plantinga en Leah Buren hawwe mei harren tocht op it hynder by de alve stêden del goed 2000 euro ophelle. De froulju starten ferline wike oan harren aventoer en rieden yn in wike tiid by alle alve Fryske stêden del.

Dêrmei hellen se jild op foar it goede doel Make a Wish, dat slim sike bern de kâns jout om harren lêste winsk út te fieren. Beide froulju sliepten fergees by adressen op de rûte en waarden boppedat stipe troch ferskate sponsors.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)