Jonge alpaca berne yn Aqua Zoo Ljouwert

15 jul 2015 - 12:07

Alpaca Novaro út bistetún Aqua Zoo yn Ljouwert hat in dochter krigen. It bistje is ôfrûne moandei berne en hat noch gjin namme. Mooglik dat ek in twadde alpaca fan Aqua Zoo yn ferwachting is, mar dat kinne de meiwurkers noch net mei sekerheid sizze.

De alpaca's wenje sûnt in pear moannen yn Aqua Zoo. Se binne oernaam fan bistepark Wissel yn Epe, dat tichtgien is.

Trefwurden: 
Ljouwert Aqua Zoo alpaca
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)