Tsjerke fan Sint-Nyk wurdt restaurearre

15 jul 2015 - 11:30

Der wurdt al wiken wurke oan de Hillige Nicolaastsjerke fan Sint-Nyk en it wurk is noch lang net dien. Yn de muorren sitte skuorren en dy moatte mei spesjaal foechmiddel tichtmakke wurde. De kleur fan de foegen moat fan Monumintesoarch oerienkomme mei it orizjineel.

Dêrneist is it mitselwurk oantaaste troch sâlt. Dat drukt de foegen nei bûten, mar fret ek de bakstiennen sels oan. Mei in spesjale oplossing wurdt dit sâlt út de muorren weisûge.

It wurk wurdt dien troch restaurateur Arnold Gras en dy docht dat allinnich. Wannear't de restauraasje klear is, is noch net dúdlik. "It moat al goed," fynt Gras.

Trefwurden: 
restauraasje tsjerke Sint-Nyk
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)