Soad ynbraken yn Aldegea en Earnewâld

15 jul 2015 - 10:03

De plysje yn East-Fryslân warskôget foar ynbrekkers. Benammen yn de omkriten fan Aldegea (Smell.) en Earnewâld hawwe de lêste wiken in soad ynbraken west. Yn de nacht fan tiisdei op woansdei is der op de Opperbuorren-East yn Aldegea yn in hûs ynbrutsen. Om binnen te kommen waard in rút mei in koefoet ynslein.

Op 8, 9 en 11 july is der yn beide doarpen ek al ynbrutsen. De plysje advisearret minsken om by fertochte situaasjes 112 te beljen en foto's te meitsjen fan bygelyks kentekenplaten.

Sjoch hjir foar de warskôging fan de plysje op facebook.

Trefwurden: 
ynbraken Aldegea Earnewâld
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)