MCL yn race foar titel foar bêste wurkjouwer fan Nederlân

14 jul 2015 - 18:33

Sikehûs MCL makket dit jier kâns op de titel 'Beste werkgever van Nederland'. It sikehûs is ien fan de fyftich gruttere organisaasjes dy't nominearre is. Wurknimmers beoardielje de wurkjouwer troch antwurd te jaan op ferskate fragen. Dy fragen gean ûnder oare oer de tefredenheid oer de organisaasje en de wurksumheden, en oer de kânsen dy't wurknimmers krije om optimaal te prestearjen en de wurdearring dy't se krije.

Tiisdei 6 oktober wurde de winners bekend makke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)