Rederij Wagenborg moat langer wachtsje op 100.000e reizger

14 jul 2015 - 16:58

Rederij Wagenborg hat woansdei net de 100.000e passazjier oan board dy't gebrûk makket fan de farferbining tusken Landal Esonstad en Skiermûntseach. De rederij hie útrekkene dat sûnt de earste ôffeart op 6 april 2007 al hast 100.000 minsken in tochtsje mei de boat makke hawwe.

Woansdei soe it feestlike momint wêze. Mar troch de waarsomstannichheden fan de ôfrûne dagen wie it tal passazjiers leger as ferwachte. Wannear't no de 100.000e reizger oan board stapt, is noch net bekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)