Herman Kramer nije foarsitter maraton by KNSB

14 jul 2015 - 15:18

Herman Kramer fan Stiens is de nije foarsitter fan de seksje maraton fan reedrydbûn KNSB. Kramer is net in ûnbekende yn de reedrydwrâld. De ôfrûne fjouwer jier wie Kramer al fice-foarsitter fan de seksje maraton. Dêrfoar wie hy foarsitter fan reedrydtrainingsgroep Stiens.

Kramer hat ek in 'frouljusplatfoarm' foar de maraton betocht. Sa wol hy sjen hoe't it frouljusmaratonreedriden profesjoneler makke wurde kin.

Ek by de seksje shorttrack, de seksje langebaan-koartebaan-supersprint-massastart en de seksje keunstriden binne nije foarsitters oansteld. It giet om respektyflik René van Diessen, Jan Bolt en Gerda Noordhoek.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)