Rôfdiere-opfang Felida yn Nijeberkeap siket grutter plak

14 jul 2015 - 15:01

Rôfdiere-opfang Felida yn Nijeberkeap, it eardere Pantera, is op syk nei in oar en grutter plak. Neidat Stichting Viervoeters de opfang ferline jier oernaam, is de besetting weromgien fan 26 nei 13 grutte katachtigen. De oare liuwen en tigers binne nei in grut opfangreservaat yn Súd-Afrika brocht.

Dêr dogge se it hiel bêst. En de achterbliuwers sitte no folle rommer en binne sichtber relakster. Dochs is dat noch lang net grut genôch foar Felida.

Dêrom is de opfang yn petear mei twa gemeenten yn it Noarden. Dêr soe sa'n 15 bunder grûn beskikber wêze foar de opfang fan 15 oant heechút 20 grutte katten.

It nije plak wurdt rom opset en krijt in edukative funksje. Grutte katachtigen kinne fan dêrút nei it reservaat yn Súd-Afrika. As se dêr net geskikt foar binne, kinne se op it nije plak bliuwe.

Ferlet fan de opfang bliuwt der wol; Stichting Viervoeters hat in wachtlist fan minimaal 10 bisten yn Europa.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)