Fiskrestaurant Sterkenburg Lauwerseach wer iepen nei brân

14 jul 2015 - 14:53

Fan woansdei ôf wurdt der wer fisk ferkocht by Sterkenburg fisk yn Lauwerseach. It fiskferwurkingsbedriuw waard septimber ferline jier troffen troch in grutte brân. It gebou dêr't de fisk ferwurke waard, baarnde hielendal út. It restaurant rûn grutte skea op.

Sterkenburg is wer opboud en sels útwreide. Doel wie om foar de boufak de doarren wer te iepenjen en dat is no slagge. "It wie in heftige tiid", seit eigener Dina Sterkenburg. "Je falle echt yn in gat nei de brân, we binne bliid dat we no einlik wer los kinne."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)