Fertochte fan moard op Michael de Vrieze frijlitten

14 jul 2015 - 14:01

De 37-jierrige fertochte fan de moard op Michael de Vrieze út Boerum yn 2010 is tiisdei per direkt frijlitten. De man wie twa jier lyn troch de rjochtbank noch ta 12 jier sel feroardield foar deaslach. De saak stiet bekend as de moard sûnder lyk, om't it lichem fan De Vrieze nea fûn is.

De fertochte is lykwols dochs feroardield op basis fan bloed dat fûn is yn de wenning fan de Boerumer. Nij ûndersyk fan it Nederlands Forensisch Instituut (NFI) hat no fêststeld dat der folle minder bloed yn de wenning fan De Vrieze lei, as earder tocht.

Dêrom is der neffens de advokaat fan de fertochte, Jan Teakema, gjin bewiis foar in misdriuw. Hy hat dus om frijlitting frege.

Dat hat it gerjochtshôf no tastien. Letter dit jier soe it heger berop yn dizze saak behannele wurde, mar dat is no foarearst útsteld.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)