Plysje siket eigeners stellen guod fan It Hearrenfean

14 jul 2015 - 12:08

De plysje is op syk nei de eigeners fan stellen guod fan ûnder oaren It Hearrenfean. Ferline moanne hat de plysje yn Emmeloard trije manlju oppakt foar trije ynbraken yn Swolle. Yn it hûs en de auto fan de fertochten waard noch folle mear guod oantroffen.

Ut ûndersyk hat no bliken dien dat dit ûnder oaren stellen is by ynbraken op It Hearrenfean, Swolle en Meppel. In part fan de sieraden, horloazjes en apparaten is wer werom by de eigener, mar noch net alles.

De plysje hat dêrom foto's op ynternet pleatst en hopet sa de eigeners te finen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)