Trije jonges oppakt foar earnstige mishanneling Haulerwyk

14 jul 2015 - 11:56

Trije jonges fan 15,16 en 17 jier út Haulerwyk binne tiisdeitemoarn oppakt foar mishanneling. It trio soe it ôfrûne wykein in 14-jierrich famke út it doarp, har freon en har heit mishannele hawwe. It famke en har freon rûnen nachts oer strjitte doe't se troch in groep oanfallen waarden.

De freon krige dêrby klappen. De slachtoffers koene ûntkomme, mar waarden letter wer achterhelle. Doe krige ek it famke klappen en skoppen. Se rekke dêrtroch bewusteleas.

De heit fan it famke wie yntusken wekker wurden fan it lawaai bûten en besocht syn dochter te helpen, mar krige ek klappen. Uteinlik koenen de trije slachtoffers it hûs yn flechtsje.

Dêrnei hat de groep it hûs mei stiennen bekûgele en in auto fernield. It gesin krijt slachtofferhelp. De plysje giet fierder mei it ûndersyk en slút meardere oanhâldings net út.

Trefwurden: 
mishanneling Haulerwyk
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)