Jassen en shirts fan buertprevinsjeteam stellen yn Ljouwert

14 jul 2015 - 11:36

By in ynbraak yn it Ljouwerter wykgebou Welgelegen binne jassen en poloshirts fan it buertprevinsjeteam stellen. It giet om reade jassen en swarte poloshitrs mei de tekst 'Buurtpreventieteam, Welgelegen en Indische Buurt.'

De ynbraak yn it gebou oan de Willem Lorestrjitte hat neffens de plysje west tusken moandeitemoarn 8 oere en tiisdeitemoarn kertier oer achten. Tsjûgen wurde oproppen om harren te melden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)