Undernimmer Harry Westers poerrazend op gemeente It Amelân

14 jul 2015 - 10:31

Hoareka-ûndernimmer Harry Westers is swier teloarsteld yn de gemeente It Amelân, no't de ried moandeitejûn net akkoart gien is mei syn plannen foar in grut wellness-sintrum. Hy ferwyt de gemeente 'onbehoorlijk bestuur'.

Westers beriedt him noch op in klaim tsjin de gemeente foar alle kosten dy't hy makke hat, ûnder oaren om de plannen oan eardere beswieren oan te passen. Westers woe tusken de 25 en 30 miljoen euro ynvestearje yn it resort.

Yn earste ynstânsje like de gemeente akkoart te gean, mar nei't tsjinstanners harren op it lêste momint opponearren, stimde de ried moandeitejûn dochs tsjin. Westers lûkt syn plannen no hielendal yn.

Hy fynt it noch te betiid om te sizzen wat dit betsjut foar syn hotels op de eilannen, mar jout wol oan hielendal klear te wêzen mei de Waadeilannen. Earder waard in plan om op Skylge in hotel fan Westers út te wreidzjen ôfsketten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)