Warskôging foar glêde diken klaverblêd It Hearrenfean

14 jul 2015 - 08:29

De plysje op It Hearrenfean warskôget foar de glêde ferbiningsdiken tusken de A32 en A7. It kin op dizze diken by it klaverblêd hiel glêd wurde, benammen nei in reinbui. Der barre regelmjittich ûngelokken mei auto's dy't mei te hege snelhyd de bocht nimme en fan de dyk glide. De plysje ried bestjoerders mei help fan matrixbuorden dan ek oan om harren snelheid oan te passen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)