"Robiniabosk by Elslo moat fuort"

13 jul 2015 - 17:43

Pleatslik Belang Elslo wol dat in grut diel fan de robiniabosk by de 'es fan Tronde' oan de râne fan it doarp fuorthelle wurdt. It eslânskip dêr moat hersteld wurde en de bosk moat dêr plak foar meitsje. In eslânskip hat gloaiïngs, mar dy binne troch de bosk net sichtber. Pleatslik Belang hat dêrom de wurkgroep 'Es van Tronde' oprjochte.

De bosk is no yn priveebehear. De eigener moat tsientûzenen euro's subsydzje werombetelje as de bosk kapt wurdt. De wurkgroep hopet op in oplossing fan de polityk.

De robiniabosk is om 2000 hinne oanlein, mar dat is neffens Aad Oudshoorn fan de wurkgroep 'Es van Tronde' fierstente rûch dien. De wurkgroep sil tiisdei syn advysrapport oan wethâlder Sietse Derks fan de gemeente Eaststellingwerf oanbiede.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)