Ek boeren dogge oan crowdfunding

13 jul 2015 - 15:31

Boer Sjoerd Miedema fan Haskerdiken hat in crowdfundingsaksje opsteld om oan agrarysk natuerbehear dwaan te kinnen. Hy krijt gjin subsydzje om't syn gebiet net by de ekologyske haadstruktuer heart. Dêrom besiket er op in oare wize finansjele kompensaasje te krijen. De Fûgelbeskerming fynt de crowdfunding in goed idee en hat ek bydroegen.

Op in stik lân by Aldeboarn is troch in heech wetterpeil, it minder útriden fan dong en let meane in paradys foar fûgels ûntstien. Mar Miedema hat sadwaande wol minder opbringst út syn boerebedriuw.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)