"Griken ferromme oer akkoart"

13 jul 2015 - 14:13

De Grykske befolking reagearret ferromme op it akkoart dat de eurolannen moandei sletten hawwe mei Grikelân. Dat seit Friezinne om utens Sigrid van der Zee. Sy wennet al 15 jier op Lesbos, ien fan de Grykske eilannen en hat dêr in reisburo. De measte Griken wiene benaud dat Grikelân út de euro moast, en dat hoecht no net.

Wol moat Grikelân strange finansjele herfoarmings trochfiere. Woansdei moat it Grykske parlemint dêroer gear. Dêrnei wurdt dúdlik oft "Grexit" echt fan de baan is.

Trefwurden: 
akkoart euro Grikelân Grexit
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)