Plysje Ljouwert pakt drankrider rydbewiis ôf

13 jul 2015 - 08:42

De plysje yn Ljouwert hat yn de nacht fan snein op moandei in drankrider oanhâlden. De plysjes seagen de man op it Aldehoustertsjerkhôf rinnen. Om't syn auto tichtby stie, krige de man in rydferbod. Letter yn de nacht waard deselde man dochs achter it stjoer fan syn auto sjoen. Hy waard oan de kant set en syn rydbewiis is ynnaam. Der is ek proses-ferbaal tsjin de man opmakke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)