Man út Surhuzum krijt 600 euro boete foar mislediging

12 jul 2015 - 15:43
Finzenis - Foto: Omrop Fryslân

In 20-jierrige man út Surhuzum is sneintemoarn betiid op de Noardkade yn Drachten oppakt foar mislediging. De man is nei Ljouwert brocht en yn de sel set.

It Iepenbier Ministearje hat de fertochte dêrnei in boete jûn fan 600 euro.

Trefwurden: 
plysje mislediging Surhuzum
(Advertinsje)
(Advertinsje)