Njoggen minsken mei drugs trappearre yn Harns

12 jul 2015 - 13:18

De plysje hat sneon op 'e nij minsken oppakt by in drugskontrôle by de fearboaten yn Harns. Fakânsjegongers nei Skylge en Flylân waarden kontrolearre op drugs foardat se op de boat stapten. Dêrfoar is in spesjale drugshûn brûkt.

Yn totaal waarden 19 minsken oanhâlden. Fyftjin fan harren wienen minderjierrich. Fan de fertochten hienen njoggen minsken ek echt drugs by harren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)