Big Jump op De Lemmer foar skjin swimwetter

12 jul 2015 - 11:23

Yn Fryslân wurdt oandacht frege foar skjin wetter troch sneintemiddei by De Lemmer mei in protte minsken tagelyk yn it wetter te springen - in saneamde Big Jump. It is in Europeesk evenemint, dêr't oer hiel Europa tsientûzenen minsken oan meidogge. Hjirmei wurdt omtinken frege foar it belang fan skjin wetter om yn te rekreëarjen en ek as leefgebiet foar bisten en planten.

Elkenien is útnoege om mei te dwaan, om trije oere middeis by de Beachklup fan De Lemmer. Yn Nederlân foldocht 5% fan it swimwetter net oan de minimale easken.

Wetterskip Fryslân wol knipepunten by swimlokaasjes oanpakke en de kwaliteit fan it Fryske swimwetter ferbetterje. In foarbyld is it tsjingean fan it leegjen fan de WC's fan boaten yn it oerflaktewetter.

Trefwurden: 
De Lemmer swimwetter Big Jump
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)