Aksjepicknick foar badpaviljoen yn Hylpen

12 jul 2015 - 10:47

Om it middeisoere begjint snein in picknick by it badpaviljoen fan Hylpen. Dêrmei wurdt aksjefierd foar it herstel fan it âlde fertutearze gebou. Yn 2009 is it paviljoen troch de eigener, de direkteur fan kemping Schuilenburg yn Hylpen, sletten.

It badpaviljoen is boud yn 1913, it is fan beton en hout en eartiids waard it it Kurhaus oan de Sudersee neamd. In protte minsken wolle graach dat it badpaviljoen yn âlde gloarje hersteld wurdt. Der hawwe in pear kear restauraasjeplannen west mar it opknappen moat miljoenen euro's kostje.

It is de fraach wa't dat betelje moat. Neffens de aksjefierders is it fiif foar tolven. Se fine dat oerheden en de eigener fan it badpaviljoen serieus mei elkoar om tafel sitten gean moatte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)