Rjochter jout Opsterlân en Hearrenfean gelyk

11 jul 2015 - 17:38

De gemeenten Hearrenfean en Opsterlân hawwe yn 2011 en 2012 terjochte prekariobelesting oplein oan nutsbedriuw Liander. Dat hat de rjochter bepaald yn in saak dy't oanspand wie troch it nutsbedriuw. Liander fynt dat dizze belesting net oplein wurde mei omdat de gemeenten dat oerienkaam binne mei Nuon, de juridyske foargonger fan Liander. De beide gemeenten heffe dizze belesting op kabels en liedingen sûnt 2011 en 2012. Foar it Hearrenfean giet it om 1.3 miljoen euro, foar Opsterlân om hast 2 miljoen euro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)