Erwin Mulder no echt by Sportklup Hearrenfean

11 jul 2015 - 15:16

Sportklup Hearrenfean hat sneon de nije keeper Erwin Mulder presintearre. De 26-jierrige keeper komt transferfrij oer fan Feyenoord, dêr't syn kontrakt net ferlinge waard. Mulder hat yn it Abe Lenstra Stadion in oerienkomst tekene foar twa jier.

De doelman is de opfolger fan de Sweedske Kristoffer Nordfeldt. Nordfeldt ferruile dizze simmer Hearrenfean foar de Ingelske klup Swansea City.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)