Kimswerter fertocht fan brânstichting

11 jul 2015 - 14:07

De plysje fertinkt in 55-jierrige man út Kimswert fan it feroarsaakjen fan de brân freedtejûn yn in skuorre oan de Grutte Reed yn syn wenplak. Neffens de plysje hat de man ferklearre dat der oan it laskjen wie yn de skuorre en dat dêrby ynienen brân ûntstie. Hy is troch de plysje fêstset op it buro foar fierder ûndersyk. Earst moast er noch behannele wurde troch personiel fan in oproppen ambulânse. Dat wie omdat er reek binnen krigen hie.

Trefwurden: 
Kimswert brân laskje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)