Tweintich jier nei de fal fan Srebrenica

11 jul 2015 - 12:24

Tweintich jier lyn foel Srebrenica, de moslimenklave yn Bosnië dy't troch de Nederlânske Dutchbat soldaten beskerme waard. Fries om utens Wim Dijkema út Súdlaren wie yn dy tiid parsefoarljochter fan Dutchbat. Sneon spilet er in rol yn de betinking dy't yn kamp Westerbork holden wurdt. Dijkema fertelt yn in monolooch oer syn ûnderfinings yn Bosnië. Nei al dy jierren bliuwt it in dreech ûnderwerp foar Dijkema. Hy seit: "Ik heb meegemaakt dat het goed gaat als ik op toneel sta, maar dan na afloop komen de tranen toch weer."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)