Fearhaven Holwert wer goed berikber

11 jul 2015 - 11:51

De fearhaven fan Holwert nei It Amelân ta is dizze simmer wer in stik better berikber. De advysrûte fan Ljouwert nei Holwert komt te ferfallen no't de wurksumheden oan de N357 tusken Hallum en Holwert freed ôfmakke binne. Minsken kinne no dus wer gewoan oer de Ljouwerterdyk by Hallum nei Holwert ta. Fan Grins út is it waadeilân ek better te berikken. Qbuzz line 163 rydt dizze simmer faker tusken Grins fia Lauwerseach nei Holwert.

Trefwurden: 
Holwert fearhaven
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)