Mortiergranaat op Ljouwerter camping

11 jul 2015 - 09:01

Op camping De Kleine Wielen yn Ljouwert is freedtejûn in mortiergranaat fûn. De fynst waard dien troch in man mei in metaaldetektor. It projektyl lei sa'n tweintich sintimeter ûnder de grûn. Neidat de plysje de granaat beoardield hie, is de eksplosive-oprommingstsjinst oproppen. Dy hat it projektyl meinaam en sil it letter ta ûntploffing bringe.

Der stienen noch gjin kampearders op it fjild dêr't de granaat fûn waard, yn de rin fan de wike komme dy wol fanwege it festival Welcome to the Village.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)