Oane Galama pakt deititel yn Winsum

10 jul 2015 - 22:06

Oane Galama hat mei in moaie 20.90 freedtejûn it fierljeppen yn Winsum wûn. De fierljepper fan Wiuwert sette dy ôfstân del yn syn earste finalesprong. Yn dyselde omloop ljepte Thomas Helmholt 20.14. Nard Brandsma waard tredde mei 20.06. Marrit van der Wal wûn by de froulju mei 15.73. Van der Wal rekke woansdei har Nederlânsk rekôr (17.02) kwyt oan Dymphie van Rooijen dy't yn Linschoten 17.14 sprong. Jan Teade Nauta wie de bêste junior mei 19.23. Maureen Poiesz wûn by de famkes mei 14.85 en Jarich Wijnstra by de jonges mei in pr fan 16.20.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)