File op Ofslútdyk troch auto-ûngelok

10 jul 2015 - 19:19

Op de Ofslútdyk by Breesândyk is freed oan it begjin fan de jûn in ûngelok bard mei twa auto's. Ferskate helptsjinsten wêrûnder twa traumahelikopters waarden ynset. Neffens in wurdfierder fan de plysje soenen der seis slachtoffers wêze.

It ferkear op de A7 rjochting Fryslân koe om healwei njoggenen hinne wer fierder ride, doe't de plysje it ûndersyk nei de tadracht fan it ûngelok ôfmakke hie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)